2022-04-24 20:46:27
zondag 24 april 2022

Plattelânswinkeltsje 50 meter fierderop!

At jo yn de Eastpolder binne en tinke; ferhip! it Plattelânswinkeltsje stiet der net mear, sjoch dan eefkes 50 meter fierderop. It winkeltsje is ferpleatst en stiet no gelyk rjochts op it hiem fan de famylje Feenstra oan de Eastwei.

De flagge hinget út en elkenien is wolkom, want der is fan alles te keap yn it winkeltsje. Ek is it Plattelânswinkeltsje 'Rustpunt'. Minsken dy't nei de Eastpolder kuierje of fytse kinne genietsje fan de rêst, romte en de natuer. Kofje en tee steane klear!


Geplaatst door: Plattelânswinkeltsje

advertentie