2022-05-29 17:23:54
zondag 29 mei 2022

Earste winst foar Hanneke Westert by de famkes

By fierljepwedstriden yn Burgum wie Hanneke Westert (Afkelânsdyk) sneontejûn de bêste by de famkes. Mei in sprong fan 14,87 meter pakte Hanneke net alinnich har earste deiwinst, it wie fuortendaliks ek de fierste sprong fan it seizoen oant no ta.

Op it twadde plakje einnige Hilde van der Weij út Sint Jabik mei in sprong fan 14,31. Tredde waard Berber de Vries út Mantgum (13,44).

De omstannichheden wiene dreech foar de fierljeppers justerjûn yn Burgum. It wie kâld en der stie in hurde wyn. Troch de rein waard de wedstriid sels in skoft stillein.

(Foto: Yldau Reitsma)


advertentie