2022-07-17 11:17:38
zondag 17 juli 2022

Hanneke Westert: Keninginne fan it fierljeppen!

Justerjûn op de skânsen fan Burgum hat Hanneke Westert út Top & Twel histoarje skreaun by it fierljeppen. Hanneke slagge deryn as famke de Kenninginnetitel by de froulju te pakken. Yn de finale ljepte sy yn de lêste sprong de fierste ôfstân, 16,03 meter. Noch net earder wûn in famke by it Keningsljeppen de Keninginnetitel.

By it Keningsljeppen telle allinnich de ôfstannen yn de finale mei foar de einskoare. De 5 bêste ljeppers fan de foarronde pleatse harren foar de finale en dêr siet Hanneke dus by. Grutste tsjinstanner foar Hanneke wie titelferdigenster en mearfâldich kampioene Marrit van der Wal. Marrit sette mei in sprong fan 15,94 meter de konkurrinsje op skerp. Mar Hanneke slagge deryn hjiroan foarby te kommen en pakte mei lyts, mar genôch ferskil de titel.

Hanneke is op it stuit yn topfoarm. Ofrûne wike ferbettere sy noch it Nederlânsk rekord by de famkes. Dat stiet no op 16,78 meter.

Geweldich dien Hanneke!

 

(Op de foto Hanneke tusken 'Kening' by de mannen Oane Galama en 'prins' by de jonges Timo van der Knaap)


advertentie