2022-07-23 10:14:28
zaterdag 23 juli 2022

Annie en Trijnie oer de einstreek fan de Fjouwerdaagse

Annie Reitsma en Trijnie Hoekstra ha de Nijmeegse  Fjouwerdaagse kuiere en justermiddei kamen de froulju oer de einstreek op de Via Gladiola, it wolbekende einpunt. Diskear moast de Fjouwerdaagse ynkoarten wurde. Ofrûne tiisdei gong de earste dei fan it evenemint net troch. Mei in temperatuer fan om de 35 graden hinne wie dat net ferantwurde.

Mar trije dagen kuierje is ek noch in prestaasje fan formaat. It is bekend dat de froulju graach rinne meie. Jo binne se grif wolris earne tsjin kaam mei de stap deryn. Foar Annie is it yn koarte tiid it twadde meardaagse kuierevenemint. Yn maaie rûn se al de Alvestêdetocht.

Lokwinske froulju!


advertentie