2022-08-12 20:01:17
vrijdag 12 augustus 2022

Top&Twelster skûtsje ûnderweis nei Hylpen

Nei twa wiken in machtich moaie SKS striid giet moarnier it IFKS skûtsjesilen los yn Hylpen. En fansels is ús Top&Twelster skûtsje ek wer fan de partij. Freedtemiddei hawwe Jan Overwijk, dy't al sûnt 2006 skipper is op it TT skûtsje, en syn bemanning koers setten nei de Iselmar.

De lêste silerij wie yn 2019, twa jier koe it om corona net troch gean. Jim kinne jim dus grif wol yntinke hoefolle nocht de silers op it TT skûtsje diskear hawwe om de striid wer oan te gean. Doel is yn de B-klasse bliuwe. 

IFKS Kampioenschappen 2022

zaterdag 13 augustus 2022 Hindeloopen
zondag 14 augustus 2022 Stavoren
maandag 15 augustus 2022 Heeg
dinsdag 16 augustus 2022 Sloten
woensdag 17 augustus 2022 Rustdag of inhaalwedstrijd(en) bij Echtenerbrug
donderdag 18 augustus 2022 Echtenerbrug
vrijdag 19 augustus 2022 Lemmer
zaterdag 20 augustus 2022 Lemmer (finale)

Starttiden: C-klasse: 09.15 uur, B-klasse: 11.00 uur, a-klein: 12.45 uur, A-klasse: 14.30 uur


advertentie