2022-08-24 19:00:22
donderdag 25 augustus 2022

Troufoto’s yn de Hermestsjerke noch oant 10 septimber (10 septimber foto's ophelje)

Nei in suksesfolle tentoanstelling fan mear as 100 troufoto's, is it 10 septimber de lêste dei fan Tsjerkepaad.

Fan 13.30 oere ôf is der de gelegenheid om jimme foto('s) wer op te heljen, noch efkes nei te praten en kofje of tee te drinken, mei wat lekkers derby. Graach oant sjen op 10 septimber.

Tsjerkepaad is yn de beide tsjerken fan Top en Twel op 27 augustus, 3 en 10 septimber. De tsjerken binne dan middeis iepen foar publyk fan 13.30 oant 17.00 oere.

Op 10 Septimber kinne de troufoto's wer ophelle wurde.


advertentie