2022-09-07 16:10:25
woensdag 7 september 2022

Nyck de Vries ferfangt Vettel yn frije training op Monza

Nyck de Vries ferfangt freed Sebastian Vettel yn de earste frije training op Monza. It is de tredde kear dat de autokoereur fan Twellingea yn aksje komt op in frije training yn de Formule 1.

Earder ried De Vries al foar Mercedes en Williams in training, en no dus foar Aston Martin. "Ik kijk er ontzettend naar uit om voor Aston Martin te rijden, helemaal op zo'n legendarisch circuit als Monza", seit De Vries. "Deze mogelijkheden geven me een heel goed inzicht in hoe Formule 1-auto's en -teams werken."

De Vries komt sels út yn de Formule E, de heechste klasse foar elektryske auto's. Dêryn einige er dit seizoen op it njoggende plak yn it klassemint. Yn 2021 pakte De Vries noch de titel yn de Formule E.

Bron: Omrop Fryslân


advertentie