2022-09-30 15:56:58
vrijdag 30 september 2022

Skriuw dy yn foar it Bandstoten & Libre Toernooi!

Yn 2012, tsien jier lyn alwer, waard yn it Harspit it lêste grutte biljerttoernoai holden. De heechste tiid om it 'Bandstoten & Libre Toernooi' dus opnij wer te organisearjen tocht  in groep entûsjaste biljertleafhawwers út ús doarpen. Sy stutsen de koppen byinoar en yn novimber giet it dan einlings oan. Fan woansdei 16 novimber oant sneon 19 novimber sil it 'Bandstoten & Libre Toernooi' spesjaal foar alle Top en Twelsters plakfine. De inskriuwing foar it toernoai is al úteinset

It konsept mei it libre-spul en it bânstjitten bliuwt dus itselde en ek It Harspit sil der wer út sjen as ien grut biljertpaleis. Eltsenien dy't lid is fan in biljertferiening út Top en Twel kin it inskriuwformulier alfêst ynfolle. Bist gjin lid (mear) fan in feriening, helje de keu dan fan souder, eefkes ôfstofje en skriuw dy yn. Formulieren lizze yn It Harspit en yn kafee De Buorren. Alle ynformaasje oer it toernoai fynst fierder op Topentwelonline op de pagina's fan it 'Bandstoten & Libre Toernooi' en hâld it nijs yn de gaten. 

Jelle, Mirjam, Folkert, Grytsje, Anne, Esther, Jelle en Marten ha der nocht oan en sjogge jim graach werom yn It Harspit op de 16e novimber. Mei de keu ûnder de earm fansels!


advertentie