2022-12-18 19:19:41
zondag 18 december 2022

Krystdiner yn it Harspit - In moaie en tige slagge jûn

Wat in moaie krystjûn hawwe wy mei ús allen belibbe sneontejûn yn it Harspit. Yn gearwurking mei Sieger en Trees fan ytkafee De Buorren koe it Krystdiner nei trije jier wer organisearre wurde. Der wiene mear as 100 gasten út ús doarpen dy't net allinne genietsje koene fan in hearlik trijegongendiner, mar ek fan sang, muzyk en in krystferhaal en dat yn in prachtich yn krystsfearen fersierd Harspit.

Sa'n jûn kin net slagje sûnder de ynset fan in hiel soad frijwilligers sawol foar as efter de skermen. Ek koe it Krystdiner mooglik makke wurde mei tank oan giften en (finansjele) bydragen. Elkenien tige tank en hooplik kinne wy ek takom jier wer op jim allegear rekkenje, want sa'n gesellige jûn foar en troch it doarp is foar werhelling fetber.


advertentie