2022-12-29 20:11:01
donderdag 29 december 2022

MFC It Harspit nimt ôfskie fan behearder Anne Visser

Anne Visser wie sa'n 4,5 jier behearder fan it Harspit en mei in soad ynset is hy deryn slagge it mienskipsgefoel werom te bringen yn ús doarsphûs. It Harspit is in plak wurden wêr 't elkenien wolkom is om eefkes del te kommen. Foar in praatsje, in bakje kofje of in pilske. Foar in stikje ferbining.

De tiid wie net maklik. Earst corona en no de hege enerzjykosten. De boel op de rit krije en hâlde is dreech en dat kostet dan ek in soad enerzjy. It die Anne besluten op syk te gean nei wat oars en dat is slagge. Anne hat oar wurk fûn en hjoed namen bestjoer, de ried fan tafersjoch en de frijwilligers ôfskie fan ús behearder.

Anne en fansels ek Hendrika tige tank foar alles wat jim dien hawwe foar it Harspit. De wurdearring is grut foar jim ynset. En Anne in soad sukses fansels mei dyn nije baan.

Foar it bestjoer no de taak om op syk te gean nei in oare behearder, want dit is in grut gemis. Der is al in fakature en miskien is it wat foar dy! Foar fragen kinne jim terjochte by it bestjoer.
 


Bedankt! 

Bedankt stichtingsbestuur, bedankt raad van toezicht, bedankt barvrijwilligers, bedankt schoonmakers, bedankt rechterhanden, bedankt boekhoudvrijwilligers, bedankt peuterspeelzaal, bedankt school, bedankt sporters, bedankt biljarters, bedankt dansers, bedankt toneelspelers, bedankt cursisten, bedankt vergaderaars, bedankt fysio, bedankt muzikanten zangers en zangeressen, bedankt schilders, bedankt techneuten, bedankt bibliotheekbeheer, bedankt bloembakverzorgers, bedankt voor wie ik vergeten ben.

Bedankt voor alle hulp en de fijne samenwerking voor de afgelopen periode. Ik heb besloten het mooie Harspit te verlaten en ga per 9 januari aanstaande werken bij Empatec als meewerkend voorman. Neemt niet weg dat ik terug kan kijken op een prachtige maar ook intensieve periode in ons dorpshuis. Succes met al jullie bezigheden maar vooral oant sjen in ons dorpshuis!

Ik hoop spoedig op een nieuwe beheerder want we kunnen It Harspit niet missen als cultureel hart van Top en Twel!

Anne Visser


advertentie