2022-12-31 20:26:14
zaterdag 31 december 2022

Knallend it âlde jier út!

It waar wurke net sa mei op dizze wiete âldjiersdei, mar dat wjerhâlde de karbydploech fan Top en Twel der net fan om flink los te gean oan de Afkelânsdyk. Oan it begjin fan de middei wiene der sa'n lytse tritich karbydbussen, dy't moai op in rige op it betonpaad stienen en omraak knalden.

Mei in fjoerkoer, oaljekoeken en oare lekkernijen kamen karbydsjitters de dei wol troch. Moai dat dizze tradysje ek yn ús doarpen yn eare holden wurdt en dat ek dat jongere generaasje dit wer oppakt. Ek it publyk koe wer meigenietsje fan de bolderjende bussen wêr gjin knalfjoerwurk tsjin op kin.


advertentie