2023-01-02 16:47:35
maandag 2 januari 2023

Ferkearsljochten op brêge Twel om skea oan weidek te beheinen

By de brêge fan Twellingea binne moandeitemoarn ferkearsljochten pleatst yn opdracht fan Rijkswaterstaat. De kwaliteit fan it weidek op de brêge is minder wurden no't de dyk mei it ôfsluten fan de A7 yntinsiver brûkt wurdt.

Om mear skea oan de dyk en de brêge foar te kommen, wurdt ien rydstripe op de brêge ôfsletten. Mei de ferkearsljochten giet it ferkear mear dosearre oer de brêge hinne.

Hâld rekken mei ekstra reistiid!
It wurdt dêrtroch nei alle gedachten wol wat drokker op de dyk, mar de brêge kin mei de maatregels wol iepen bliuwe. Rykswettersteat wurket ûndertusken oan it opknappen fan de brêge by Twellingea. In de rin fan moandeitemiddei rûn de fertraging foar it ferkear al op oant in kertier. 

Boarne: Omrop Fryslân


advertentie