2020-12-19 10:49:36
zaterdag 19 december 2020

Krystfieringen fan ús tsjerke wurde digitaal útstjoerd

De krystfieringen lûke elts jier in soad minsken nei de tsjerke, mar dit jier bliuwt ek by ús de Johannestsjerke leech.

Us tsjerklike gemeente folget hjirmei it lanlike advys fan it Interkerkelijke Contact in Overheidszaken om de tsjinsten sa folle mooglik online út te stjoeren, yn elts gefal oant 19 jannewaris. Hooplik wurde dêrnei de coronamaatregels ferromme en is der wer mear mooglik.

De tsjerketsjinsten binne te folgjen fia Kerkomroep.nl of it eigen YouTube-kanaal. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op de side fan ús tsjerke


advertentie