2023-01-03 11:39:17
dinsdag 3 januari 2023

Brêge en akwadukt - Omwenners wolle dúdlikens!

De brêge fan Twellingea op Marktplaats oanbiede wie fansels in grap. De bedoeling wie omtinken freegje foar de bewenners út ús doarpen dy't harren nocht begjinne te krijen fan de ferkearsoerlêst no't de sneldyk A7 derút leit en Top en Twel hieltyd mear isolearre reitsje troch de ferkearsmaatregels.

"En dat is slagge", lit Bauke van der Meer witte. Mei syn mateploech hiene sy op âldjiersdei al buorden pleatst as stil protest. "Dat joech noch net genôch reuring", seit Bauke foar de kamera fan Omrop Fryslân, mar doe't hy de brêge as te keap op Marktplaats sette gie it los. Earst fia social media en fuortendaliks pakten lokale en regionale nijssites it ek op. It smiet in hiel soad réaksjes op.

Bauke fynt dat der dúdlikens komme moat foar ús doarpen oer de sitewaasje. Nije wike at de fakânsje foarby is en alles wer op gong komt hopet hy dan ek dat der gau antwurden komme op alle fragen.

It folsleine ferslach oer de 'Marktplaats-stunt' is te lêzen op de webside fan Omrop Fryslân!


De tekst fan Marktplaats:

Te koop aangeboden wegens overcompleet voor de handige doe-het-zelver: Brug Uitwellingerga bij het Prinses Margriet Kanaal

Goede brug met wat werk. Wordt redelijk intensief gebruikt dus heeft veel mogelijkheden. Ons idee was om de tunnel te vervangen maar daarvoor is hij net te licht. Laatste jaren hebben we wel wat bezuinigd op het onderhoud dus wat je ziet is wat je koopt.

Misschien leuk voor een buurt- of carnavalsvereniging. Mag weg voor een scherpe prijs maar staat niet in de weg dus bieden naar waarde. Niet verzenden, alleen ophalen.


advertentie