2023-02-07 18:59:52
dinsdag 7 februari 2023

Prachtige ûndergong fan de sinne by TOP’63

Moaier kinne de treningjûnen hast net wurde, fine se by TOP'63. De fuotballers genietsje fan it  rêstige winterwaar en dat smiet moaie kleurryke plaatsjes op at de sinne oan de ein fan de dei nei ûnderen giet op sokke heldere dagen.

In grut kontrast mei it grize waar fan de ônrûne wiken, al sjogge se in lytse kilometer fierderop by Rept U net allinnich de sinne, mar foaral de temperatuur ek noch in moai ein nei ûnderen gean.


advertentie