2023-03-14 18:17:12
dinsdag 14 maart 2023

Earste ljipaai fûn troch Durk Fopma

It earste ljipaai is fannemiddei fûn troch Durk Fopma út Toppenhuzen. Hy fûn it twake eefkes nei twa oere yn de Afkepolder. Omdat it earste ljipaai fan de gemeente al fûn is, wie dit no de earste fan ús Fûgelwacht.

Dat Durk in betûft aaisiker is, is sa njonkenlytsen wol bekend. Yn 2016, 2017 en 2021 wie hy ek al de earste yn ús polders. Ferline jier fûn Jan Nauta it earste ljipaai, dat wie doe op 16 maart.

Foar de folwûksenen is it frije fjild no slùten. By de jeugd kin it earste ljipaai noch fûn wurde. 



advertentie