2023-03-23 16:57:36
donderdag 23 maart 2023

Twellingeaster Tryntje Albada fan de FNP mei foarkarstimmen keazen yn it Wetterskip-bestjoer

Tryntje Albada (Buorren, Twellingea) stie tredde op de list fan de FNP en krige mar leafst 4.972 stimmen mei de ferkiezings fan it Wetterskip ferline wike woansdei. Foar in foarkarsit wiene 4.014 stimmen nedich, mear as genôch stimmen dus foar Tryntje foar in sit yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Lokwinske Tryntje!

By de definitive útslach fan de ferkiezingen foar Wetterskip Fryslân ha der gjin grutte ferskowingen mear west. Dat betsjut dat de BoerBurgerBeweging de grutste partij wurdt yn it algemien bestjoer, mei sân sitten.

De útslach fan de ferkiezings mei de ferdieling fan de sitten fine jim op de webside fan Wetterskip Fryslân.


advertentie