2023-04-22 09:40:26
zaterdag 22 april 2023

Aldereinmiddei yn it Harspit mei gastsprekker Anne Ferwerda

Moandei 24 april organisearret it Harspit wer in middei foar de âlderein. Diskear is Anne Ferwerda (Tsjerkebuorren) útnoege om moaie ferhalen te fertellen oer syn passy foar de natuer yn ús omkriten, oer de ekskursjes dy’t hy jout en oer syn wurk.

Wat ús oanbelanget tige nijsgjirrich en jim binne wer fan herte wolkom om der by te wêzen. De tagong is fergees, kofje en thee steane klear. Moandei 24 april fan 14.00 oant 16.00 oere yn MFC It Harspit. Oant sjen!


advertentie