2023-06-08 16:39:15
donderdag 8 juni 2023

Doarpsfeesten sette utein mei Bingo!

Grutte kâns dat jim de kommende dagen stoere cowboys en cowgirls tsjinkomme yn it doarp. Yn Top en Twel sette fannejûn de doarpsfeesten utein en diskear hat de Oranjeferiening keazen foar it thema Country en Western. 'It Wylde Westen' yn Top en Twel, kin net misse dat dit grut feest wurdt!

It begjint tondersdeitejûn mei de Billy Boom Bingo yn de feesttinte en dêr komt altyd in soad folk op ôf. Kom dus op tiid. Fierder is der wer fan alles te dwaan, lykas de bernespultsjes op freed, de spulmiddei op sneon, it matinee en livemuzyk op freed en sneon. Ek de zweef is wer fan de partij. De ôfsluting is snein mei de tintetsjinst. 

Wa wurde de bêst klaaide cowboy en cowgirl fan Top en Twel? Lûk jim moaiste country- en westernoutfit oan en kom nei de iisbaanprairie. Bier en fris steane kâld yn de saloon en dat is nedich ek, want it wurdt waarm en de sinne skynt fûleindich. Sinnebrân mei en goed smarre dus!

 


advertentie