2023-07-19 16:28:47
woensdag 19 juli 2023

Groep acht út de skoalle smiten

De achtste groepers binne hjoed letterlik ta de skoalle útsmiten. Net dat se skjin harren nocht hawwe fan dizze learlingen by CBS It Harspit. Hielendal net! Mar de basis is lein en de tiid is no oanbrutsen foar in nij aventoer yn it fuortset ûnderwiis. En neffens de tradysje heart dêr op sa'n lêste dei ek de frisse dûk yn de fiver by. Wat in feest!

Justerjûn begûn it ôfskie al in bytsje mei de musical. In moaie foarstelling foar jong en âld. Mar no is it fakânsje 🏖️. Eefkes lekker genietsje, útsliepe en foaral hearlik frij wêze. 

Súkses aanst op jim nije skoalle!


advertentie