2023-08-18 20:32:50
vrijdag 18 augustus 2023

IFKS: Top&Twelster skûtsje ûnderweis nei Hylpen

Wylst op de Snitser Mar de finale fan it SKS plak fynt sammelt de IFKS-float harren foar de wedstriden moarn yn Hylpen. Ek it Top&Twelster skûtsje 'De Twee Gebroeders' is fannemoarn op wei gien rjochting de Iselmar foar in wike skûtsjestriid yn de IFKS.

De Top en Twelsters komme ek dit jier út yn de B-klasse en fansels sille se alles der oan dwaan om yn dizze klasse te bliuwen. De wedstriden yn de B-klasse begjinne om 11.00 oere.

Moarn set de IFKS útein en op de Iselmardyk fan Hylpen is de wedstriid altyd prachtich te folgjen. Dat jildt ek foar Starum, wêr 't snein de wedstriden binne.

IFKS 2023

  • 19-08 Hylpen
  • 20-08 Starum
  • 21-08 Heech
  • 22-08 Sleat
  • 24-08 Ychtenbrêge
  • 25-08 Lemmer
  • 26-08 Lemmer

advertentie