2023-08-26 20:20:26
zaterdag 26 augustus 2023

Top en Twelster skûtsje bliuwt yn de B-klasse IFKS!

De bemanning fan it Top en Twelster skûtsje kin werom sjen op in moaie en slagge sylwike yn de IFKS. Us doarpsgenoaten koenen goed meikomme yn de sterke B-klasse. It bêste resultaat wie in sânde plakje by Ychtenbrêge.

Hjoed op de slotdei moasten skipper en bemanning noch eefkes flink oan de bak, want hielendal feilich wienen se noch net. It wie dreech yn de Lemster Baai mei hurde wyn en flinke easbuien. Mar der koe syld wurde op de Iselmar en it njoggende plakje wie genôch om ek takom jier wer út te kommen yn de B-klasse. In prestaasje fan formaat! Yn it einklassemint binne de Top en Twelsters op in 11e plak einige.

Op harren eigen Facebook-side lit de bemanning it folgjende witte:
"Al met al hebben we een geweldige IFKS gehad. De B-klasse was enorm sterk. Het schip liep wel en het team staat als een dijk. Er is nog ruimte voor verbetering, veelbelovend voor volgend jaar. Dan gaan we voor een podiumplaats. Alle fans, sponsors en donateurs enorm bedankt. We hebben eraan gesnuffeld en weten dat het kan."


advertentie