2023-09-20 18:57:15
woensdag 20 september 2023

Optreden Switchbone yn it Rock Café

Takom freed 22 septimber spilet de rockband Switchbone út Top en Twel yn it Rock Café yn Snits, de eardere Bar The Legend. Wa't wol werris ta is oan in âlderwetsk gesellige jûn mei live muzyk út eigen doarp is fansels fan herte wolkom.

Fierdere yntroduksje ha dizze mannen eins net nedich. Se spylje al sa lang mei elkoar, dat it repertoire is by de Top en Twelsters sa njonkenlytsen wol bekend. It optreden begjint om 22.00 oere en de tagong is fergees.


advertentie