2023-10-02 20:32:47
maandag 2 oktober 2023

Kofjetafel is werom yn it Harspit

Nei in slagge seizoen earder dit jier komt ek dit neijier de kofjetafel werom yn it Harspit. Eltse freedtemoarn binne jim wolkom foar in bakje. Eefkes gesellich byprate en tagelyk genietsje fan in hearlik bakje kofje of thee. In stikje ferbining yn de Mienskipsromte.

De ynrin is fanôf 9.30 oere en duorret oant 11.30 oere. De kofje en thee is fergees. In frijwillige bydrage wurdt wurdearre. Oant takom freed 6 oktober. Dan sette we útein!


advertentie