2023-10-26 10:08:51
donderdag 26 oktober 2023

Foto-exposysje ‘Middenstân fan eartiids’ te sjen yn it Harspit

De foto-exposysje dy't fan it simmer te sjen wie yn de Johannestsjerke tidens Tsjerkepaad hinget fanôf dizze wike yn de Mienskipsromte fan it Harspit. Op de foto's is de middenstân fan eartiids yn Top en Twel (de middenstand van vroeger in Top en Twel) te sjen.

Earder tilde it op fan de winkeltsjes troch de hiele streek; bakkers, slachters, de winkelman mei iten en drinken en ek de smid, de skilder en de timmerman. Winkeltsjes meastentiids oan hûs, soms net mear as in pear planken mei guod en in toanbank. Der is hast neat mear fan oerbleaun, mar gelokkich binne der noch foto's.

De exposysje is gearstald mei meiwurking fan Durk Tjalsma, Wolter Overwijk, Hil Dijkstra, Vincent Hesselink en Froukje Dijkstra. Tige nijsgjirrich om eefkes by lâns te rinnen.


advertentie