2023-11-18 19:20:18
zondag 19 november 2023

Twellingeasters krije fan Elkien gjin foarrang op in hierwenning yn Toppenhuzen

Riedsleden Tsjerk Bouwhuis (FNP) en Luuk Adema (D66) komme beide út Top en Twel en ek al wennet Luuk net mear yn it doarp, beide witte net oars dan dat Toppenhuzen en Twellingea ien doarpsmienskip binne. Dêr tinke se by wenningboukorporaasje Elkien hiel oars oer. Skande fine beide riedsleden, krekt no't Elkien in proef starten is om eigen ynwenners foarrang te jaan op in hierwenning. Mar Twellingeasters krije dat foardiel net at se yn Toppenhuzen wenje wolle, en dat jildt oarsom ek. 

Proef Elkien
Wenningboukorporaasje Elkien is dit jier mei dizze proef begûn. Foar eigen ynwenners is it nammentlik dreech om in hûs te finen, wêrtroch de leefberens fan doarpen noch mear ûnder druk komt te stean. Belutsen ynwenners leverje in positive bydrage oan de leefberens fan de doarpen. Dêrom is it fan belang dat sy foarrang krije en dus mear kâns meitsje op tawizing fan in wenning.

De proef, dy’t twa jier duorret, jildt foar 36 doarpen, wêrûnder ek doarpen út gemeente Súdwest-Fryslân. Toppenhuzen is ien fan dizze doarpen, mar Twellingea net. Dat jildt ek foar De Hommerts, mar De Jutryp falt wer bûten de boat en wennest yn Oasingahuzen dat ûnder Heech falt, dan hast ek pech. 

Fragen oan it kolleezje fan B&W
Dit smyt dus fernuvering op by Tsjerk Bouwhuis en Luuk Adema. Neffens beide riedsleden binne de doarpen hjir net mei holpen en in sitewaasje sa as yn Twellingea, wêr't in ynwenster in ôfwizing krige foar in hierwenning yn Toppenhuzen, moatte hja net wolle, net yn doarpen dy't mei elkoar ferbûn binne.

Dêrom hawwe Bouwhuis en Adema fragen stelt oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders at se hjir fan op de hichte binne en ek meinommen binne mei dizze proef fan Elkien. Fierder freegje sy oan it kolleezje at se yn petear wolle mei Elkien om foar dizze doarpen in útsûndering te meitsjen.

Wy binne benijd wat it opsmyt!


advertentie