2023-12-17 20:28:18
zondag 17 december 2023

Krystdiner yn it Harspit smakket poerbêst!

It Krystdiner sneontejûn yn it Harspit wie in grut sukses. Mear as 50 gasten skoden oan foar it miel yn de Elkienseal. Sy waarden by de yntree begroete en fan herte wolkom hjitten troch de krystman. 

De seal wie prachtich en alhiel yn krystsfearen ynrjochte. It miel, gearstald en klearmakke troch Sieger en Trees fan kafee De Buorren, bestie út trije gongen en dat smakke eltsenien mar al te bêst. 

Varieté wie der ek en waard fersoarge troch it koar Cantabilé mei moaie krystlieten. It krystferhaal waard ferteld troch Anne Visser en Trienke Pool lies noch in moai gedicht foar. Al mei al in tige slagge jûn!


advertentie