2023-12-31 12:48:13
zondag 31 december 2023

Karbydbussen bolderje wer omraak!

Foar alle wissichheid hie de karbydploech fan Top en Twel mar in ymprovisearre tintsje delsetten, en dat wie nedich ek. Fannemoarn moast der skûle wurde fanwege de rein. Mar middeis waard it better en koe der omraak knald wurde yn it stikje lân oan de Afkelânsdyk.

Mear as tweintich molkbussen soargen derfoar dat der fan de sneinsrêst op dizze âldjierdei net safolle telâne kaam yn ús doarpen.


advertentie