2024-01-26 20:34:08
vrijdag 26 januari 2024

Trijebannetoernoai is freedtemiddei úteinset

De biljerters binne los yn kafee De Buorren. Fanmiddei al binne de earste partijen spile fan it Durk de Jager Trijebannetoernoai. Oer twa wykeinen wurdt der fûleindich striden om de eareplakjes yn de fjouwer poules, wêr't eltse dielnimmer op eigen nivo spylje kin en dus likefolle kâns makket.

It toernoai is mei 63 dielnimmers wêr goed beset. Under de spilers fiif froulju, twa mear as in jier werom, dus ek dat giet de goede kant wer út. Boppedat is ek de jongerein wer goed fertsjinwurdige. Dit wykein wurde de foarrondes spile. Takom wykein binne de finales. Wa wurde de winners?

It wedstriidskema en de útslaggen binne te folgjen op: DdJ Driebandentoernooi (topentwelonline.nl). Publyk is fansels fan herte wolkom!


advertentie