2024-03-08 16:21:22
vrijdag 8 maart 2024

Earste ljipaai Súdwest-Fryslân fûn yn de Eastpolder by Toppenhuzen

Marco Veldhuizen út Snits hat fannemoarn it earste ljipaai fan gemeente Súdwest-Fryslân fûn. Freedtemoarn om 8.55 oere wie it raak. Hy wie nei eigen sizzen op syk nei in 'kânske', hie it fannemoarn drok, mar in soad tiid hie de aaisyker net nedich. 

Doe't it mantsje (in hijke) de protters fan it fjild jage yn de Eastpolder by Toppenhuzen wist hy genôch. Nei in pear slagen fûn hy it aaike. Dêrnei belje mei de BFVW, telefoan hast leech, eltsenien yn gesprek want der wiene mear earste aaien. Mar dochs slagge it! 

Hjirmei is it iepen fjild yn Súdwest-Fryslân, de grutste gemeente fan ús provinsje, no ek ticht. 


advertentie