2024-03-11 20:42:01
maandag 11 maart 2024

Top en Twelster skûtsje leit wer te plak

Nei it winterske útstapke yn de Broeresleat leit it Top en Twelster skûtsje wêr op it fertrroude eigen lisplak oan it Ges by de jachthaven fan Hart van Friesland. De tarieding op it nije seizoen kin úteinsette.

Takom sneon is it NLdoet, de grutste frijwilligersaksje fan ús lân. Dan sil ek de bemanning yn it spier en in ferskaat oan putsjes útfiere oan it skûtsje. Ast meihelpe wolst, bist wolkom. Gewoan eefkes delkomme.

Yn it wykein fan 20 en 21 april binne alwer de earste sylwedstriden by de iepening fan it wettersportseizoen yn Langwar.


Geplaatst door: Top en Twelster Skûtsje

advertentie