2024-06-07 16:29:45
vrijdag 7 juni 2024

Soargen by de boeren troch al it reinwetter - “It lân is fierstente wiet”

Djippe drekspoaren yn it lân fan boer Lolle Nauta yn de Eastpolder. It foel net ta om de saneamde 'earste snee' fan dit stik sompige grûn te heljen. "It meanen gie noch wol", seit molkfeehâlder Lolle. "Mar om it gers dêrnei mei it ark fan it lân te krijen wie it grutste probleem. It lân is troch al it reinwetter fan de lêste tiid noch hieltyd fierstente wiet. Foaral de stikken yn it skaad fan de beammen fan de Eastwei, wêr 't de sinne net goed by komme kin. Dêr is it no ek bot skansearre rekke."

Neffens Lolle hawwe in soad boeren al foar it earst meand, mar it gers yn dit stik greide is letter omheech kommen, omdat it guozzelân is. "Dat we pas yn juny meane kinne, is dus gjin útsûndering, mar dat it noch sa sompich is, kin ik my sa gau net heuge. Dêr komt noch by dat it wetter mar dreech fuort komme wol, omdat it gers yn de groppen no ek heech stiet."

"It is echt soarglik" 
In pear kilometer fierderop yn Boarnsweach sprekt boer Jappie Wijna fan 'in drama'. "Ik ha noch sa'n 12 hektare stean, mar kin dêr eins net bykomme. De kwaliteit fan it gers giet sa hurd efterút en dêrom sille de kij aanst ek minder molke jaan. It is echt soarglik." Jappie sjocht deis meardere kearen op buienradar en folget de waarberjochten mei noch mear oandacht as oars, mar wurdt dêr op it stuit net echt fleurich fan.

"It sil der dochs in kear ôf moatte"
Mar op dizze freedtemiddei liket it waar net ûnaardich. It sintsje skynt en der stiet in noflik kuoltsje. Der is dan ek in soad bedriuwichheid yn it lân yn ús omkriten mei boeren dy't drok oan it kuilen binne. Lolle: "Wy wienen ek krekt yn oerlis at we fanmiddei noch in hoekje meane sille, mar foar takom moandei wurdt der alwer sa'n 4 millimeter rein foarsein. En de dagen dêrnei liket ek net goed. Spitich, it soe moai wêze at we it gers in pear dagen op it lân lizze litte kinne, sadat it earst moai droegje kin. Mar miskien weagje we it der noch op. It gers sil der dochs in kear ôf moatte!"


advertentie