2025-05-04 21:29:06
zondag 4 mei 2025

Jong en âld is twa minuten stil by de deadebetinking

De deadebetinking luts ek dit jier wer in soad minsken nei de Hermes-tsjerke. Betinken bliuwt wichtich, om stil te stean by alle minsken dy't harren libben jûn ha foar ús frijheid, lykas huzaar Catharinus Faber, dy't omkaam op 19 maaie 1940 by in bombardemint yn De Haach. In tinkstien foar Faber is mitsele yn de muorre fan de tsjerke, sadat wy net ferjitte.

De betinking by de Hermes-tsjerke wie krekt as oare jierren ynbannich en moai troch de ienfâld. It gedicht fan de skoalbern, in taspraak, krâns- en blomlizzing, it Wilhelmus en it Fryske folksliet, én it twa minuten stilwêzen. Twa minuten liket sa koart, mar de betsjutting derfan wurdt opnij hieltyd wichtiger.

Fanwege 80 jier frij wie der oanslutend in ferhalejûn yn de tsjerke mei persoanlike ferhalen oer de oarloch en waard der in koarte film fertoand mei bylden fan Twellingea.


advertentie