2025-05-25 19:32:35
maandag 26 mei 2025

Shantykoar Top en Twel-sjongers mei de pream troch ús doarpen

Fannejûn fanôf 17.00 oere sil it shantykoar Top en Twel-sjongers der op út mei de pream. Se farre troch it Ges efter ús doarpen del en sile harren wolbekende repertoire hearre litte.

Moai soe it wêze at der publyk lâns de kant stiet. Hearre of sjogge jim it koar oankommen, lit jim dan eefkes sjen. Meisjonge of bewege wurdt fansels op priis stelt!


advertentie