2025-06-09 19:49:33
maandag 9 juni 2025

DUKW Amfiby fart troch it Ges

Wa't yn ús doarpen oan it wetter wennet is wol wat wend oan wat der allegear foarby fart, mar somtiden sitte der ferrassings by.

Sa as hjoed dit âlde militêre amfibyfartúch, in saneamde DUKW, dy't mei foartsjiloandriuwing sawol oer lân as troch it wetter brûkt wurde kin. Under Britse flage kamen der hjoed trije grutte en in lytsere fan dizze fartugen troch it Ges fan Top nei Twel.


advertentie