2025-06-11 19:19:43
woensdag 11 juni 2025

Doarpsfeesten XXL: Noch mar ien nachtsje sliepe!

Nei moannenlange tariedings makket Top en Twel him op foar de doarpsfeesten. Diskear yn in XXL fersje en dus sjogge wy oeral troch ús doarpen al in soad minsken yn it spier. De buurten wurde oanklaaid en fersierd mei de moaiste kréaasjes. De striid kin los!

Wy sille noch mar net al te folle ferklappe, dêrfoar moatte jim de kommende dagen sels mar eefkes in kuierke troch de streek meitsje.

Moarn kin de flage út en sette de doarpsfeesten jûns útein op it iisbaanterrein mei in âlderwetske doarpsjûn yn de feesttinte. Dan krije we te sjen wa't de grutste talinten fan Top en Twel binne.

Boppedat liket it de kommende dagen ek nochris treflik waar te wurden. Goed ynsmarre, dan komme wy mekoar grif tsjin op de feestpôle! De feesten binne fan 12 oant 15 juny.

Sjoch op ús aginda foar it programma.


advertentie