De ôfrûne wiken is der noch in bulte wurk fersetten om it skûtsje hielendal ree te krijen foar it IFKS-kampioenskip yn de C-klasse. De Top en Twelsters witte dat se net it rapste skûtsje fan de float hawwe, mar allinnich mar meisile is der fansels net by. Der sil fûleindich striden wurde om sa heech mooglik te einigjen en wa wit smyt dat in plakje op dat rjocht jout op promoosje nei de B-klasse. De finale is op sneon 16 augustus by De Lemmer.
Sukses tawinske!