De earste wedstriid ferrûn boppe ferwachting goed. It TT-skûtsje siet der fan it begjin ôf oan goed by en einige op in prachtich 5e plak. En dat yn in sterk fjild fol SKS- en A-klasse IFKS-skûtsjes, wêrfan guon efter ús einige. Soks binne wy net wend, mar wy lieten sjen dat wy der by hearre en krigen der ek in soad komplimenten oer.
Ek de twadde wedstriid wie sterk, mei in 8e plak. Sneins wie it wat dreger: de wyn naam ta en wy hiene muoite om goed stân te hâlden. Dat kaam foar in part troch it nije túch, dêr’t wy noch net hielendal oan wend bine. Mar it potinsjeel is dúdlik oanwêzich - hjir kinne we moai mei fierder rjochting takom seizoen.
Foar dizze wedstriden waard der in nij túch op it skûtsje set, en it resultaat wie dúdlik te merken: it skip rint prachtich. Mei tank oan in betûfte adviseur oan board hawwe wy ek op taktisch mêd in soad leard. In learsum, moai en ynspirearjend wykein foar de hiele ploech.
It TT-skûtsje einige úteinlik op in knap 9e plak yn it einklassemint fan de 18 dielnimmende skûtsjes - in resultaat dêr’t wy tige grutsk op binne.
Wy sjogge no al út nei it kommende seizoen - der sit noch folle mear yn!