By de ledegearkomste fan tiisdei 4 novimber yn Koudum, referearre Bouwhuis ek oan de behelle resultaten fan de ôfrûne riedsperioade. Sa as it tsjinhâlden fan sinneparken op lân, it ûndersyk nei in kampus foar fuortset ûnderwiis yn Snits en de hanthaving op it yllegaal rekreatyf brûken fan wenningen yn Hylpen dy’t bedoeld binne foar permaninte bewenning.
Op de FNP SWF ferkiezingslist steane mar leafst 50 kandidaten. De earste tsien kandidaten foarmje de kommende tiid in kearngroep. Wethâlderskandidaat Henk de Boer fan De Hommerts stiet op plak twa, folge troch Auke Jelle Kingma (Snits), Thea Hoekstra-Vleer (Reahûs), René v.d. Leij (Boalsert), Ids Venema (Hylpen), Doutsen Krol (Boalsert), Jikkie Ruiter-Postma (Warkum), Corrie Bergstra-Veldhuis (Snits) en Douwe Blom (Drylts).
De FNP giet de ferkiezings yn mei it motto ‘Tichtby’. Tichtby wenje en wurkje, de soarch Tichtby, skoallen en foarsjenningen altyd Tichtby. Bouwhuis: “In stim op de FNP is goed foar alle ynwenners fan Súdwest-Fryslân, goed foar wenningbou, lânskip, wurk, ûnderwiis en soarch”. Foarsitter Jaap Kruis sleat de gearkomste ôf: “No op nei de ferkiezings mei ús 50 aktive kandidaten út de doarpen en stêden fan Súdwest-Fryslân, sy steane midden yn de mienskip en binne ús lústerjend ear. We gean der foar”!
De folsleine kandidatelist wurdt meikoarten publisearre.