2026-03-11 20:30:33
donderdag 12 maart 2026

Net ferjitte! Snertkonsert Kommer & Kwel yn MFC It Harspit

Wa’t it noch net yn ’e aginda stean hat, eefkes om tinke: op snein 15 maart organisearret smartlappekoar Kommer & Kwel in gesellich Snertkonsert yn MFC It Harspit. Besikers kinne rekken hâlde mei in middei fol werkenbere smartlappen en bekende meisjongers.

Ek wurkje Hans Bergsma, Anton van Rooijen en Pieter Langius mei oan it konsert. Mei-inoar soargje sy foar in ôfwikseljend muzikaal programma.

De yntree bedraacht € 7,50. Dêrby binne kofje en in kom snert ynbegrepen. Kaarten binne te krijen fia koor.kommerenkwel@gmail.com of oan de kassa fan It Harspit.



advertentie