2021-03-21 16:08:31
zondag 21 maart 2021

Earste ljipaai jeugd fûn troch Teatske Feenstra

Ek by de jongerein is it earste ljipaai fan dizze maitiid fûn, sa lit de Fûgelwacht Top en Twel witte. Teatske Feenstra (Eastwei) is de gelokkige.

Yn in stikje maïslân fûn sy freedtemiddei om 15.00 oere in twake. Teatske is mar wat wiis mei dizze fynst. Dat docht wol bliken út de foto. Lokwinske Teatske!


advertentie