2021-03-31 19:15:06
vrijdag 2 april 2021

Gijn jiergearkomste, mar wol Himmeldei foar de Fûgelwacht

Spitigernôch koe foar it twadde jier efter mekoar de ledegearkomste fan de Fûgelwacht net trochgean fanwege corona. Mar gelokkich koe, yn gearwurking mei de ZOU, Himmeldei diskear wol trochgean en dat wie ôfrûne sneon in grut sukses. Mei help fan de skoalbern binne ús doarpen en omkriten wer frij makke fan swalkôffal.

Ek foar de patat en fris fan Kafee De Buorren wie in moaie oplossing fûn. Nei ôfrin stie Sieger op De Skou klear mei de catering om it dien wurk mei in snack ôf te sluten. Moai dat al dizze tradysjes wer plak fine koene. 

Grut ferlet fan neisoargers
Foar de greidefûgels binne it wol minne tiden, sa lit it bestjoer fan de Fûgelwacht witte. Dat betsjut dat der troch de neisoargers in protte wurk fersetten wurde moat om de nêsten te beskermjen. Mar dêr knypt it no krekt, want der binne hieltyd minder neisoargers dy't dit wichtige wurk dogge. Dêrom de oprop: Binne jo of kinne jo immen dy’t graach it lân yn giet, om oan neisoarch te dwaan meld jo dan by it bestjoer. It soe fansels skande wêze at aanst minsken fan bûten ús polders yn moatte om dit machtich moaie wurk te dwaan!


advertentie