2021-04-03 09:05:02
zaterdag 3 april 2021

10 jier sel easke tsjin man út Toppenhuzen

Ferline jier april waard ús doarp opskrikt troch in geweldsdelikt yn de Reinardastrjitte. De 31 jierrige Yodit Melake Afewerki kaam hjirby om it libben.

Koart nei it foarfal waard Yodit har man as fertochte oanhâlden. Hy bekende ek dat hy har meardere kearen mei in mes stutsen hie. Juster yn in rjochtsitting easke it iepenbier ministearje 10 jier sel foar deaslach tsjin de 36 jierrige fertochte. Wêrom de man ta dizze died kaam, is noch hieltyd net dúdlik.

Foar Yodit is noch in crowdfundingsaksje op tou setten om har lichem werom te bringen nei har bertelân Eritrea. Sy wie mei har twa bern noch mar krekt 4 moannen yn ús lân om yn ús doarp by har man te wenjen.


advertentie