De iepening fan it seizoen wie tagelyk in goed momint om frijwilligster Gelske Goedemoed ris yn it sintsje te setten. Gelske docht al 31 jier it behear fan de tagongshikke en dêrby swimt se eltse dei har baantsjes yn it wetter fan De Gravinnepoel. Hiel tapaslik hat de hikke dêrom de namme 'Vol Goedemoed' krigen. Wat ús oanbelanget kin it earbetoan net better!
Sjoch ek it berjocht op de side fan De Gravinnepoel.