It maitiidswaar falt wat ôf oant no ta. It is te kâld foar de tiid fan it jier, mar tusken de buien troch lit de sinne him út en troch noch wolris sjen en dan fielt it ek wol wer noflik oan. Simmerwaar sit der noch net yn en dêr sille wy it foarearst mei dwaan moatte.

Hjir en dêr skea troch de hurde wyn
De hurde wyn fan juster hat hjir en dêr foar skea soarge. Dizze beam op de Noardein koe it net hâlde en waaide om tsjin de strjitferljochting oan.