2021-07-15 20:45:35
donderdag 15 juli 2021

Fierljepster Hanneke Westert wint yn Gryptstjerk

Hanneke Westert hat juster yn Gryptsjerk de fierljepwedstriid by de famkes wûn. Mei in sprong fan 14,85 meter wie ús doarpsgenoate har tsjinstanners de baas.

Kreas twadde waard Hilde van der Weij út Sint-Jabik mei in sprong fan 14,50 (PR). Inger Haanstra waard tredde (13,19). Yn it Grinzer Gryptsjerk waard de fiifde wedstriid fan it seizoen hâlden. 

Lokwinske Hanneke mei dizze moaie prestaasje!

 

(argyffoto)


advertentie