No't in begijn makke is mei it roaien fan de beammen oan de dykskant krije we suver alwer in stikje fan it gebou út 1902 werom. In hiele put, mar it knapt der fuortendaliks fan op.

Eardere suvelfabryk Twellingea komt wer foar it deiljocht
Foar de omwenjenden en in soad Top & Twelsters is it fertutearzjen fan de eardere suvelfabryk oan de Brêgesleat in grutte griis. Mar it monumintale gebou is ferkocht en de plannen om hjir wer wat moais fan te meitsjen lykje hoopfol.