2021-08-21 12:49:36
zaterdag 21 augustus 2021

Binnenfeartskip rekket brêge Twellingea

Op it Prinses Margrietkanaal hat in binnenfeartskip freedtejûn de brêge fan Twellingea rekke, dat meldt Rykswettersteat. Foar alle wissichheid hat der in dûkynspeksje west yn it wetter en dêrút docht bliken dat de brêge gjin skea oprûn hat. 

Hoe't de oanfarring plak fine koe, is net bekend. Wol bekend is dat de brêge fan Twellingea ien fan de brêgen is dy't ferfongen wurde moat. Sokke oanfarringen meitsje de needsaak allinnich mar grutter op dizze drokke farrûte.

(foto: Rykswettersteat)


advertentie