2021-09-08 21:23:13
donderdag 9 september 2021

Nyck de Vries, wol of net in sit yn de Formule 1?

It binne spannende tiden foar Nyck de Vries fan Twellingea. De coureur wurdt yn ferbân brocht mei ferskate Formule 1 teams en ek saakkundigen binne it der wol oer iens dat Nyck in plakje yn de keningsklasse F1 fertsjinnet. Ferline moanne waard Nyck wrâldkampioen yn de Formule E, de elektryske raceklasse.

Mercedes, it team wer 't Nyck no foar rydt, is ree him gean te litten at er by in oar team yn de Formule 1 komme kin. Mar in stuoltsje bemachtigje is net sa maklik en hinget fan in hiel soad saken ôf, sa as jild en sterke konkurinsje. 

By team Williams falt Nyck al bûten de boat, sa waard juster bekend, mar by Alfa Romeo soene noch kânsen lizze. Nyck sels bliuwt der rêstich ûnder. 'Moai dat ik yn byld bin en der oan my tocht wurdt, mar by Mercedes sit ik foarearst ek wol goed'. Ofwachtsje dus hoe't komt! 


advertentie