2021-09-11 19:46:57
zondag 12 september 2021

Tsjerkepaad slút de doarren!

Justermiddei wie Tsjerkepaad der foar de lêste kear. It hiele simmerskoft ha ús tsjerken op sneontemiddei iepen west en mei sa'n 250 besikers wie dat in grut in sukses.

It waar siet mei en ek wie goed te fernimmen dat in soad minsken fakânsje fierden yn eigen lân. Dat hat grif fan ynfloed west op de tarin. Ek wiene troch corona minder tsjerken yn ús provinsje iepen. Mar litte wy net ferjitte dat de exposysjes fan Hester Kornelis yn de Johannestsjerke en Alle Hosper yn de Hermestsjerke ek besjen lije mochten.

Yn elts gefal kin elkenien werom sjen op in tige slagge edysje fan Tsjerkepaad yn ús doarpen.


(foto: Hester Kornelis)


advertentie